Top 10 similar words or synonyms for brendani

abbatis    0.927147

sancti    0.913671

deḇarim    0.880803

ḇamidḇar    0.873799

bodas    0.856383

gesta    0.855609

יר    0.848280

επιστολή    0.847952

nazareners    0.841968

anglorum    0.841805

Top 30 analogous words or synonyms for brendani

Article Example
Brandaan fan Clonfert Brandaan wie in roomsk abt, en stifte yn Ierlân ferskate kleasters, wêrûnder (om 568 hinne) dat yn Clúain Forta (Clonfert), yn Konnacht, dêr't syn namme mei ferbûn bleaun is. Oer syn libben is al net in bjuster soad bekend en wat der is, is neitiid alhiel yn it skaad kommen te stean fan 'e hilligeferhalen dy't har oer him ûntjûn hawwe. Hy is fral bekend fan syn legindaryske njoggenjierrige swalktocht oer de seeën, dy't oerlevere is yn in grut tal farianten, lykas de Latynske proazaferzje "Navigatio Sancti Brendani Abbatis" ("De Seereis fan de Hillige Abt Brendan") út 'e njoggende of tsiende iuw, en it Midnederlânske gedicht "Van Sente Brandane" ("De Reis fan Sint Brandaan"). Yn 2012 ferskynden dy beide, tegearre mei noch twa teksten oer Brandaan, it tsiende-iuwske "Vita Sancti Brendani Clonfertensis" ("It Libben fan de Hillige Abt en Bychtfaar Brendan") en it "Oratio Sancti Brendani" ("It Gebed fan Sint Brendan"), yn in Fryske oersetting ûnder de titel "Sint Brandaan yn Fjouwerfâld".
De Seereis fan de Hillige Abt Brendan De Seereis fan de Hillige Abt Brendan, yn it oarspronklike Latyn: Navigatio Sancti Brendani Abbatis, is in proazaferhaal fan in anonime skriuwer út 'e njoggende of tsiende iuw oer de legindaryske seereis fan 'e Ierske tsjerkfaar en hillige Brendan (of Brandaan) fan Clonfert (±484-±577), deselde nei wa't û.m. de Brandaris op Skylge neamd is. De Fryske oersetting fan Eibert van de Veen waard yn 2012 útjûn as ûnderdiel fan 'e bondel "Sint Brandaan yn Fjouwerfâld".
It Libben fan de Hillige Abt en Bychtfaar Brendan It Libben fan de Hillige Abt en Bychtfaar Brendan, yn it oarspronklike Latyn: Vita Sancti Brendani Clonfertensis, is in hilligelibben of hagiografy fan in anonime skriuwer út 'e tsiende iuw oer de Ierske tsjerkfaar en hillige Brendan (of Brandaan) fan Clonfert (±484-±577), deselde nei wa't û.m. de Brandaris op Skylge neamd is. De Fryske oersetting fan Eibert van de Veen waard yn 2012 útjûn as ûnderdiel fan 'e bondel "Sint Brandaan yn Fjouwerfâld".
De Seereis fan de Hillige Abt Brendan De Fryske oersetting fan 'e "Navigatio Sancti Brendani Abbatis" ferskynde yn 2012 ûnder de titel "De Seereis fan de Hillige Abt Brendan" as ûnderdiel fan 'e bondel "Sint Brandaan yn Fjouwerfâld" (yn 'e mande mei "It Libben fan de Hillige Abt en Bychtfaar Brendan", "It Gebed fan Sint Brendan" en "De Reis fan Sint Brandaan") by Utjouwerij Elikser te Ljouwert. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan Eibert van der Veen, dy't dêr de ferzje foar brûkte dy't yn 1989 troch Carl Selmer gearstald waard út ûnderskate út 'e Midsiuwen oerlevere hanskriften.
It Libben fan de Hillige Abt en Bychtfaar Brendan De Fryske oersetting fan 'e "Vita Sancti Brendani Clonfertensis" ferskynde yn 2012 ûnder de titel "It Libben fan de Hillige Abt en Bychtfaar Brendan", as ûnderdiel fan 'e bondel "Sint Brandaan yn Fjouwerfâld" (yn 'e mande mei "It Gebed fan Sint Brendan", "De Seereis fan de Hillige Abt Brendan" en "De Reis fan Sint Brandaan") by Utjouwerij Elikser te Ljouwert. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan Eibert van der Veen, dy't dêr de ferzje foar brûkte dy't yn 1930 troch de jezuyt Paulus Gosjean gearstald waard út ûnderskate út 'e Midsiuwen oerlevere hanskriften.