Top 10 similar words or synonyms for berneskuon

hjoededei    0.672440

fabrykje    0.665717

fielber    0.660161

boufal    0.654503

gordykster    0.649402

wurkjende    0.645704

broekmûne    0.640835

razend    0.630134

koornbeurswei    0.625808

boarchterrein    0.623424

Top 30 analogous words or synonyms for berneskuon

Article Example
Richard Evelyn Byrd Dêrnei ambiearre Byrd in karriêre as fleander. Hy hie fral niget oan de technology fan fleantugen. Dy wie nij, want de fleanderij stie noch yn de berneskuon. Fan jongs ôf oan wie Byrd al nijsgjirrich nei de poalgebieten. Hy wie fêst fan doel dy te ûndersykjen. Syn earste ûndernimming op dat mêd wie in fleanreis oer Grienlân yn 1925, tegearre mei Donald MacMillan.
Pieter Horjus Horjus die tusken 1925 en 1942 wichtige fynsten fan de Tsjongerkultuer (lette stientiid) op de De Kjellingen by Eastermar. It stientiidûndersyk yn Noard-Nederlân stie doetiids noch yn de berneskuon. Sa krige syn namme klank ûnder archeologen. In part fan de fynst, fjoerstiennen ark, waarden yn 1954 troch de Dútske archeolooch Hermann Schwabedissen, yn gearwurking mei de Nederlanner Assien Bohmers, publisearre. Bohmers, dy't inkele fynsten krigen hie fan Horjus, hie yn 1947 ek al ris wat fan de fynsten publisearre.
Belville Doe't it spoar fan Kaapstêd nei Wellington Hardekraaltjie berikte, kaam der in stasjon oan de Durban Road. It jusjes noardliker lizzende Durbanville wie doe al in fêste delsetting, wylst it lettere Bellville doe noch yn de berneskuon stie. Afrikaanskpraters neamden it plak fan it stasjon "Twaalf Myl", neamd nei de mylpeal mei syn Romeinske XII dy't op de hoeke fan Voortrekker- en Durbanwei stiet. Dat plak lei presys tolve myl of 19,3 km fan de Kaap. Yn 1861 is it nei de lânmjitter Charles Davidson Bell ferneamd. Bellville waard yn 1940 in selstannige gemeente en krige yn 1979 de stedsstatus.
Heinrich Schliemann Kollega's út lettere tiden hawwe Schliemann lykwols ek kritisearre omdat er him yn it begjin mear dwaande hold mei skatgraven as mei archeology. Sa soed er, doe hy yn Mysene it 'grêf fan Agamemnon' fûn hie, syn helpers nei hús stjoerd hawwe. Hy woe alles sels opgrave, sadat alles yn syn eigen hannel bleau. Troch him binne parten fan jongere lagen fan Troaje, yn syn entûsjasme it 'Homearyske' Troaje te finen, foar altyd ferneatige wurden. As ferdigening fan Schliemann wurdt it argumint oanfierd dat yn syn tiid de archeology noch yn de berneskuon stie, en dat it net earlik wêze soe om him nei noarmen fan tsjintwurdich te beoardielen.
Dreamweaver's Dilemma "Dreamweaver's Dilemma" spilet op in takomstige Ierde, likernôch sân- oant achthûndert jier foar de berte fan Miles Vorkosigan, as de minsklike kolonisaasje fan 'e romte noch grutdiels begjinne moat en de manipulaasje fan it minsklik genoom noch fierhinne yn 'e berneskuon stiet. It is in thriller mei as haadpersoan de keunstneresse Anias, dy't tsjin betelling dreamen wevet foar oaren. Sy komt yn 'e swierrichheden as se in lukratyf salaris akseptearret om in gewelddiedich senario te dreamweevjen. Lang om let begjint se te fermoedzjen dat har wurk gjin ûnskuldich doel tsjinje sil, en dêrom ropt se de help yn fan in âlde freon om in misdie op te lossen dy't noch begien wurde moat.
Troaje Yn 1870 slagge Heinrich Schliemann deryn mei de Ilias yn de hân in heuvel te finen op de noardwest kust fan Lyts Aazje, by Çanakkale dy't neffens him ruïnes fan de âlde stêd befetsje moasten. Hy begûn mei opgravings yn in tiid dat de archeology noch yn 'e berneskuon stie. Neffens tsjintwurdige ynsjochten gong er frijwat rûch te wurk, mar hy slagge der wol yn de lokaasje fan Troaje te finen, mei goudskat en al. Fan dizze goudskat, dy't tsjintwurdich yn it Poesjkinmuseum fan Moskou tentoansteld wurdt, stiet fêst dat dy folle âlder is as it Troaje út de Ilias en Odysee.
Mississippy (steat) It bruto steatsprodukt fan Mississippy bedroech yn 2010 $98 miljard, wat omrekkene per lid fan 'e befolking útkomt op $26.908. Dat is it leechste bruto steatsprodukt per lid fan 'e befolking fan alle Amerikaanske steaten, mar dêr stiet foaroer dat Mississippy ek de leechste kosten fan libbensûnderhâld fan alle steaten hat. De ekonomy fan 'e steat stipet noch altyd yn hege mjitte op 'e lânbou, en dy ôfhinklikheid hat derta laat dat Mississippy tsjintwurdich ien fan 'e earmste gebieten fan 'e Feriene Steaten is. Yndustrialisearring fûn yn it grutste part fan 'e steat pas oan 'e ein fan 'e tweintichste iuw plak. Ek it toerisme stiet yn Mississippy noch yn 'e berneskuon. Sûnt it Steatskongres yn 1990 besleat en legalisearje kasino's by de rivier de Mississippy en de Golfkust lâns, binne dy gebieten útgroeid ta in wichtige bestimming foar lju dy't gokke wolle.
Jopie Huisman Museum Nochris krigen de arsjitekten Wouda en Van der Schaaf de opdracht om de twa opkochte buorpannen by it museum te lûken. Dit dienen se sûnder de histoaryske útstrieling fan de foargevels oan te taasten sadat it arsjitektoanyske ferskaat yn Warkum bewarre bleaun is. Dit nije gedeelte is ynrjochte as de skuorre fan syn pleats yn Hjerbeam. Hjir is it fysike guod werom te finen dy't yn de wurken fan Huisman foarkomme. De âlde komelkersbroek dêr't er ea fan sein hat dat it in selsportret wie, de berneskuon njonken grutte âldeminskeskuon, it readbaitsje dat him sa bekend makke, de fiskersfûken en de poppen. Yn dit nije stik fan it museum binne ek wat 'nijere' wurken fan Jopie te besichtigjen en is der in bioskoop ynrjochte wêr't men noflik sittend yn in maklike stoel byldmateriaal besjen kin.
Emmy Award De ATAS rjochte yn 1949 de "Emmy Award" op as in middel om it medium tillefyzje te promoaten, dat doe noch yn 'e berneskuon stie. De earste jierren wie de útrikking in regionaal barren, dat folslein op Los Angeles en omkriten taspitst wie, en ek allinnich dêr útstjoerd waard. Yn 'e fyftiger jierren waard der in nasjonaal evenemint fan makke, en yn 1955 waard yn New York de NATAS oprjochte as susterorganisaasje fan 'e ATAS, om 'e leden oan 'e eastkust te tsjinjen en teffens om dêr tafersjoch op 'e útrikking te hâlden. De NATAS stifte yn 'e jierren dêrnei njoggentjin regionale ôfdielings ferdield oer de hiele Feriene Steaten, dy't (mei de ATAS foar de krite fan Los Angeles) ferantwurdlik waarden foar de útrikking fan 'e regionale "Emmys". Oarspronklik waarden de nasjonale "Emmys" ienris yn it jier allegear tagelyk útrikt, mar nei't de ATAS en de NATAS yn 'e santiger jierren spul krigen hiene, waard yn 1977 besletten om 'e boel op te dielen en elk har eigen paad te gean. De ATAS behold de (wichtichste) útrikking fan 'e prizen foar jûnstillefyzje, wylst alle oare prizen nei de NATAS giene. De beide organisaasje kamen wol oerien om 'e rjochten op 'e trofee en it hannelsmerk te dielen. Underwilens wie 1969 de IATAS oprjochte om in ynternasjonale ferzje fan 'e "Emmy Awards" op te setten.