Top 10 similar words or synonyms for bennet

eli    0.785248

arden    0.780054

blake    0.763270

fitzgerald    0.761351

kardashian    0.757722

sara    0.755969

holmes    0.754891

travis    0.751615

deen    0.749830

farrokh    0.742538

Top 30 analogous words or synonyms for bennet

Article Example
Pride and Prejudice (boek) "Pride and Prejudice" giet oer fiif susters út de Ingelske middenklasse dy't libje oan de ein fan de 18de iuw. De heit fan de famkes, menear Bennet, is in hear mei beskieden ynkomsten. Hy hat in iroanyske manier fan dwaan en fynt it moai om syn frou in bytsje te niteljen. Hy is mâl mei syn dochters en hy lûkt him wolris werom fan de oanhâldende noed fan syn frou oer de partnerkar fan harren dochters. Hoewol't menear Bennet wol besit hat, kin dat nei syn dea allinnich mar oergean op in manlike erfgenamt. By syn ferstjerren krije syn dochters dus neat. Dêrom wol frou Bennet, de mem fan de húshâlding, freeslike graach dat al har dochters mei in goede, rike man trouwe. Se makket plannen om dat slagje te litten, mar dy mislearje gauris. Dat se har sa drok makket oer jild en oansjen makket har wat oerflakkich en ferfelend. Mar úteinlik wol se it bêste foar har dochters. Austen brûkt it personaazje fan de mem om sjen te litten hoe wichtich it is foar jonge froulju om te trouwen.
Jonas Poole Let yn july moete Poole trije seelju dy't stjoerd wienen troch Edge en Bennet. Sy ferhellen oer it teloar gean fan de "Mary Margaret"; it skip waard troch it iis it strân fan de Foul Sound opdreaun. Him waard ferhelle dat trittich manlju op de súdkust fan it eilân lâne wienen en dat twa boaten mei njoggen man fan dy groep skieden rekke wie by de Horn Sound.
Jonas Poole Poole syn ferslach oer it tal walfisken yn de wetters om Spitsbergen wie oanlieding foarde Moskovyske Kompanjy om dêr twa skippen hinne te stjoeren yn 1611. De 60-ton bark "Elizabeth", waard stjoerd om de 150-ton "Mary Margaret", ûnder Stephen Bennet, te begelieden op in ekspedysje nei it eilân. Poole wie kaptein op de "Elizabeth" en moast lieding jaan oan beide skippen. De "Mary Margaret" hie Thomas Edge oan board, dy't oer de lading fan de skippen gie. Under de bemanning wienen seis saakkundige Baskyske walfiskjagers fan Saint-Jean-de-Luz.
Random House Random House waard yn 1927 oprjochte troch de Amerikaanske útjouwers Bennet Cerf en Donald Klopfer, twa jier nei't dy de Modern Library-ymprint (foar werútjeften fan literêre klassiken) oernommen hiene fan Horace Liveright. Cerf sei dêroer: ""We seine tsjininoar dat we as njonkenaktiviteit gewoan op willekeurige basis in pear boeken útjaan soene."" En út dy útspraak soe de namme Random House ("random" is Ingelsk foar "willekeurich") berne wêze. Yn 1947 joech Random House foar it earst in wurdboek út, te witten it "American College Dictionary", dat yn 1966 folge waard troch Random House syn earste ûnferkoarte wurdboek fan 'e Ingelske taal. Tsjintwurdich hearre it "Random House Dictionary of the English Language" en it "Random House Webster's College Dictionary" ta de heechst oanskreaune wurdboeken dy't yn 'e Feriene Steaten útjûn wurde.
Film noir Dizze film wurdt gauris oanhelle as lêste klassike film noir. Fritz Langs "The Woman in the Window" (1945) wie krekt as "The Stranger" in 'independent' produksje fan American International Pictures. Syn folgjende film, "Scarlet Street" (1945), krige de twiveleftige eare om as ien fan de pear klassike fims noirs offisjeel sensurearre te wurden. Troch syn eroatyske taspilings waard er tydlik ferbean yn Milwaukee (Atlanta) en de steat New York. "Scarlet Street" wie in koproduksje fan Universal en Langs eigen "Diana Productions". Fan dy maatskippij wie de haadrolspylster fan de film, Joan Bennett, de twadde grutste oandielhâlder. Lang soe mei Bennet en har oarehelte Walter Wanger – foarhinne by Universal – op deselde wize "Secret Beyond the Door" (1948) produsearje.
Toby Keith Nei't er earder al meiwurke hie oan ferskate reklamespotsjes, aktearre Keith yn 2005 yn 'e film "Broken Bridges", ûnder rezjy fan Steven Goldmann nei in senario fan Cherie Bennet en Jeff Gottesfeld. Oare rollen waarden ferfolle troch û.o. Kelly Preston, Burt Reynolds, Tess Harper en Lindsey Haun. Yn dizze film, dy't yn 2006 yn premiêre gie, spile Keith de rol fan Bo Price, in oan legerwâl rekke countrymuzikant yn in lyts plak yn Tennessee. De soundtrack fan 'e film waard troch Keith skreaun en opnommen. Yn 2008 skreau Keith fierders it senario foar de film "Beer for My Horses", dêr't er sels de haadrol yn spile. Dy film wie basearre op syn duët mei Willie Nelson út 2003 mei deselde namme.
Humphrey Bennett Bennett is fassinearre troch ballet. Om de bewegings fan de dûnsers fêst te lizzen giet er alle wiken nei repetysjes fan it Scapino Ballet of It Nasjonaal Ballet. Humphrey is allinnich ynteressearre yn de beweging, it dekor is fan minder belang. Mei mar inkele halen wit er de essinsje fan de dûns fêst te lizzen. De passy en it temperamint fan de dûnsers leit er yn floeiende krêftige linen fêst yn ferskate tekentechniken. De iene kear dik oansetten kontoeren, de oare kear fyn oansetten. De foarmen wurde bytiden opfold yn ferskate felle kleuren. Hy set de dûnsers fluch op papier omdat de bewegings mar troch geane en net 'beferzen' wurde kinne. Krekt it fêstlizzen fan 'beferzen' dûnsbewegings sjocht Bennet as in útdaging.