Top 10 similar words or synonyms for atelian

shayla    0.907709

laveaux    0.903885

mafalda    0.898401

hepworth    0.897527

sensual    0.892192

jazmine    0.891181

mashariky    0.890693

monikat    0.889349

molat    0.886975

lytstoskdieren    0.886924

Top 30 analogous words or synonyms for atelian

Article Example
Taylor Atelian Atelian waard yn 1995 berne yn Santa Barbara, yn 'e steat Kalifornje. Fan jongs ôf oan wie se al aktyf as aktrise, en mei seis jier waard se yn 2001 cast yn 'e rol fan Ruby, de âldste dochter fan Jim Belushi en Courtney Thorne-Smith yn 'e tillefyzjekomeedzjesearje "According to Jim". Dêryn ferskynde se yn 'e regel tegearre mei Billi Bruno, dy't de har jongere suske Gracie spile.
Taylor Atelian Behalven as aktrise is Atelian ek wurksum as dûnseresse, mei't se in oplieding yn tapdûnsjen, ballet en jazzballet folge hat oan 'e "Rudenko School of Dance". Hja hat meispile yn ferskate toanielfoarstellings, wêrûnder "Alice in Wonderland" en "Pinocchio", en teffens hie se in rol yn 'e operette "Babes in Toyland". Op 't heden is Atelian lid fan 'e fammeband Pink-E-Swear, wêrmei't se oan in popalbum wurket. Teffens is se sûnt 2013 as sjuerylid belutsen by de Amerikaanske berneskientmewedstryd "Toddlers and Tiaras".
Taylor Atelian Taylor Atelian (folút: Taylor Marie Atelian; Santa Barbara (Kalifornje), 27 maart 1995) is in Amerikaansk aktrise, dûnseresse en sjongster fan etnysk Armeensk komôf. Hja is al aktyf as aktrise sûnt 2001, en is benammen bekend wurden troch har rol yn 'e komeedzjerige "According to Jim", wêryn't se de âldste dochter fan it personaazje fan Jim Belushi spile.
Taylor Atelian Foar har rol yn "According to Jim", dy't Atelian ferfolle oant de ein fan 'e searje yn 2009 (doe't se fjirtjin jier wie), waard se fiif kear nominearre foar de "Young Artist Award" yn 'e kategory bêste optreden yn in tillefyzjesearje, te witten yn 2002, 2003, 2004, 2005 en 2006. Mei har "According to Jim"-kollega's Jim Belushi, Larry Joe Campbell en Billi Bruno wurke Atelian mei oan in reklamespotsje foar de "V-chip" (in stikje tillefyzjetechnology dat yn Amearika in protte brûkt wurdt troch âldelju om programma's te blokkearjen dy't se foar har bern net gaadlik achtsje). Fierders spile Atelian ek yn in pear tillefyzjefilms, wêrûnder "Mother Goose Parade", út 2008.