Top 10 similar words or synonyms for aktyfste

wyldste    0.676873

presintators    0.673855

grûnlizzers    0.658212

minnen    0.645335

oprjochtsjende    0.639695

rykste    0.635045

ynfloedrykste    0.633067

oprjochters    0.631077

fitaalste    0.626859

fûlste    0.615118

Top 30 analogous words or synonyms for aktyfste

Article Example
De Gids De Gids wie eartiids yn Nederlân in progressyf-liberaal wykblêd, oprjochte yn 1837 troch Potgieter. Potgieter wie haadredakteur fan 1837 - 1866 en ien fan de aktyfste meiwurkers. Hy publisearre in protte kommentaren en fersen, faak ûnder it pseudonym W.D-s.
Hekla De Hekla is in fulkaan yn it súden fan Yslân op 63.98° NB 19.70° WL en hat in hichte fan 1.491 meter. De Hekla is de aktyfste fulkaan op it eilân. Sûnt 874 hawwe der mear as 20 útbarstings west fan de fulkaan.
Hekla De Hekla is part fan in fulkanyske berchrich fan sa'n 40 km lang. It aktyfste part fan dizze rich, in stik fan 5 km wurdt sjoen as de fulkaan Hekla, mar dit is eins ek in rige fan kraters wêrút twa kraters it aktyfst binne.
Skotske Nasjonale Partij Fierders hat de SNP ek in oan 'e partij liëarre fakbûn, de "SNP Trade Union Group" ("SNP-Fakbûnsgroep"). It moanneblêd "The Scots Independent", dat gjin formele bannen mei de SNP ûnderhâldt, is lykwols tige op 'e hân fan 'e partij. Op Jeropeesk nivo is de SNP oansletten by en ien fan 'e aktyfste lidorganisaasjes fan 'e Jeropeeske Frije Alliânsje, dêr't ek de FNP ta heart. Yn it Jeropeesk Parlemint binne de SNP-europarlemintariërs lid fan 'e fraksje fan 'e Grienen/Jeropeeske Frije Alliânsje.
Skiednis fan Snits Hitler joech op 29 april 1943 it befel dat alle (eardere) Nederlânske militêren op 'e nij yn kriichsfinzenskip moasten, as gefolch wêrfan't de april-maaiestaking útbriek. Yn Fryslân stiet dy staking bekend as de Melkstaking, wêrby't de boeren harren molke fergees weijoegen oan 'e boargers. Hoewol't de oanhing fan it ferset yn Snits en Fryslân dêrtroch oanwûn, waarden de dwerslizzers hurd straft. Ien fan de aktyfste fersetskloften yn Snits wie de Groep Lever, dêr't ek Willem Santema diel fan útmakke.
Kjûsjû Kjûsjû hat in oerflak fan 35.640 km², wat delkomt op 9,4% fan it Japanske grûngebiet. It is in bercheftich eilân, en omfiemet û.m. de berch Aso, mei in hichte fan 1.591 m, dat de aktyfste fulkaan fan Japan is. It heechste punt is de berch de Kuju, mei in hichte fan 1.788 m. Kjûsjû is fierders ferneamd om syn waarmwetterboarnen, fral dy yn 'e omkriten fan Beppu, dêr't minsken op ôfkomme om't it wetter in genêskrêftige wurking hawwe soe. It súdlike diel fan Kjûsjû hat in subtropysk klimaat.
Sjamanisme It lân dêr't it sjamanisme tsjintwurdich it measte foarkomt en dêr't it it minste mei oare godstsjinsten fermingd rekke is, is Súd-Korea. Hoewol't it troch it moderne ûnderwiis min of mear stigmatisearre is as byleauwe, is it dêre oant hjoed de dei ien fan 'e aktyfste kulturele krêften bleaun. Neffens offisjele sifers binne der mear as 40.000 sjamanen, dy't yn it Koreaansk "mudang" neamd wurde, mar nimmen twifelt deroan dat it der eins folle mear wêze moatte; om't de measte sjamanen har net registrearje litte, wurdt der rûsd dat harren echte oantal tichter by de 100.000 leit.
Aleoetysk Neffens it artikel "Native Languages of Alaska", fan taalkundige Michael E. Krauss, dat yn 2007 ferskynde yn it boek "The Vanishing Voices of the Pacific Rim", wiene der doe yn Alaska noch mar 150 minsken dy't it Aleoetysk as memmetaal sprieken. De measten dêrfan wennen op 'e Pribilofeilannen. Datselde jiers wiene der op 'e Russyske Kommandeurseilannen noch mar 5 Aleoetysksprekkers, wat it totale oantal op 155 brocht. Op in totale etnyske groep fan 12.500 minsken komt dat del op in sprekkerspersintaazje fan 1,24%. Sûnt likernôch 2000 is der yn 'e wengebieten fan 'e Aleoeten yn súdwestlik Alaska in beweging geande dy't besiket de eigen taal nij libben yn te blazen, en dêrby stipe wurdt troch universiteiten en pleatslike mienskippen. Ien fan 'e aktyfste organisaasjes op dit mêd is de Aleutian/Pribilof Islands Asscociation Task Force for Language Revitalization.
Mytology fan natoerreligys Ek wurde myten faak brûkt om skynber ûnferklearbere natoerferskynsels út te lizzen. Neffens in Hawaiïaanske myte waard Hawaiï skepen troch de oarloch tusken twa goadinnen: Pele, de goadinne fan ’e fulkanen, en har oergeunstige âldere suster Na Maka O Kahai, de seegoadinne. Pele, dy’t trouwens troch de skeppende en ferneatigjende krêften fan lava beskôge waard as sawol skepster as ferneatichster, groef yn ’e ierde en makke sa mei fulkaanútbarstings eilannen om har wente hinne. Mar alle kearen wist Na Maka O Kahai har úteinlik wer fierder nei it súdeasten te ferdriuwen. Op dy manear ûntststienen efterinoar de eilannen Niihau, Kauai, Oahu, Molokai, Lanai, Maui en Hawaiï. Alle kearen groef Pele djipper en foar salang’t it duorret, wennet se no yn ’e Kilauea, de aktyfste fulkaan fan ’e wrâld.
India Summer Yn desimber 2005, doe't se 29 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. As artystenamme keas se "India Summer", dat se ûntliende oan it nûmer "Indian Summer", fan 'e band The Doors. Yn septimber 2006 begûn se fulltime as pornoaktrise te wurkjen. Underwilens hat se al yn mear as 400 pornofilms spile, gauris fan it subsjenre fan 'e milfpornografy. Yn 2011 regissearre se har earste pornofilm, "Perfect Fit". Yn jannewaris 2012 makke de "Internet Adult Film Database" (IAFD) bekend dat Summer ""de aktyfste artyste yn 'e [porno]yndustry"" wie, mei't se it foargeande jiers yn net minder as 78 ûnderskate film spile hie. Se hat in stikmannich prizen wûn, wêrûnder trije "AVN Awards" (de "Oskars" fan 'e pornowrâld): yn 2011 ien foar bêste aktrise, en yn 2012 ien foar milf/cougar-artyste fan it jier.